Café De Bûnte Bok
 

Lotting & programma Bokkepartij 2026

Lotting en programma fyfde Bokkepartij


Sneon 1 augustus is it wer safier: de fyfde edysje fan De Bokkepartij yn de strjitten fan Ljussens!
Dit jier dogge der mar leafst 73 partoeren mei. De lotting stiet no online en kin hjirûnder besjoen wurde. Sjoch gau tsjin wa’t jim it opnimme moatte!

Programma
13.00 oere – Start fan it keatsen
De wedstriden wurde spile yn ferskate klassen. Der is in A-klasse, B-klasse en in Damesklasse.

Fanôf 13.00 oere – Aktiviteiten foar bern
Foar de bern is der de hiele middei fan alles te dwaan, mei ûnder oare:

  • ferskate springkessens;
  • in fergeze schminkster;
  • boublokken;
  • in sânbak;
  • ferskate kreamkes.

Omtrint 16.00 oere – Optreden fan Sjanz
Sjanz trapet it muzikale diel fan de dei ôf en soarget foar in gesellige sfear tidens de lêste keatspartijen.
Omtrint 18.00 oere – Finales en priisútrikking
Nei ôfrin fan de finales wurde de winners fan de ferskate klassen yn it sintsje set.
Fanôf 20.00 oere – Feest yn de tinte
Jûns giet it feest troch mei DJ René Friso en live muzyk fan Master Stu, ek wol bekend as de Swarte Hazes.
Omtrint middernacht wurdt de fyfde Bokkepartij muzikaal ôfsletten.
De tagong is de hiele dei fergees. Kom del, moedigje de keatsers oan en meitsje der mei ús in prachtige dei fan!


Oant sneon yn Ljussens!



Info